Top

De Alvestedetocht (DVD)

  • De Alvestedetocht (DVD)
24,95
UITVERKOCHT

It begûn allegear mei Pim Mulier dy't krekt as safolle oaren op redens in dei de alve Fryske stêden by lâns gong. Allinne hý dage de Friezen út om dêr in organisearre tocht fan te meitsjen. Fryslân naam de útdaging oan, de earste Alvestêdetocht wie op 2 jannewaris 1909 en yn in ieu soene der noch fjirtjin folgje. It gehiel groeide út ta in mytysk, suver hillich reedridersfeest.

Kreakjend kwalsteriis, swiere wynpûsters, diskwalifikaasjes, wylde en alternative tochten, kjeld, stosnie, ûnbegeanber iis, wekken, beferzen noazen en teannen, tsjusterens, heldedom, benaudens en grutskens. Der besteane in grouwélich tal ferhalen fan prachtige tochten troch winterske Fryske lânskippen. En der wie hûndert jier lang dy machtige ien-twa fan riders en taskôgers.

Omrop Fryslân sette de bylden, ferhalen en helden fan eartiids en hjoed de dei del yn trettjin dokumintêres, fan it ferline oant de takomst.

Ofleverings:

1 'n aardichheidsje (1909, 1912, 1919)
2 it begjint (1929, 1933)
3 de oarloch yn (1940, 1941)
4 dan is it tsjuster (1942)
5 de grinzen (1947)
6 minne finish (1954)
7 tsjin Jeen van den Berg (1956)
8 de swierste ea (1963)
9 wachtsje (1963-1984)
10 de nije tiid (1985)
11 feest wurdt gewoan (1986)
12 media en kommersje (1997)
13 hoe no fierder (1997 - ?)

Uitvoering Dvd, 2 disks, speelduur 340:00 minuten
Beeldformaat 16:9
Kleur Color
Regio 2
Audio Dolby Digital 2.0, Stereo
Ondertiteling Nederlands

Artikelnummer: 9789081406918

Reviews (0)
Stuur naar een vriend
@
@